Nij-Seelân

Article in other languages:

New Zealand
Aotearoa
Flagge fan Nij-Seelân Wapen fan Nij-Seelân
Flagge Wapen
Lokaasje fan Nij-Seelân
Offisjele taal Ingelsk, Maory
Haadstêd Wellington
Steatsfoarm Parlemintêre monargy
Gebiet
% wetter
km²
2,1­%
Ynwenners (2007) 12.263.596
Munt Nij-Seelânske dollar (Kz)
Tiidsône UTC +12
Nasjonale feestdei 6 febrewaris
Lânkoade NZE
Ynternet .nz
Tillefoan 64

Nij-Seelân is in lân yn it súdwesten fan de Grutte Oseaan. It bestiet út twa grutte eilânnen en in oantal lytsere eilannen. Nij-Seelân is in parlemintêre monargy, lid fan it Britsk Steatebûn mei Elizabeth II as steatshaad.

Ynhâld

Geografy

Lizzing

Nij-Seelân wurdt begrinzge troch:

Lânskip

Mount Cook, de heechste berch

Nij-Seelân is it lân dat it meast isolearre leit op de wrâld. It tichteby buorlân is Austraalje op om-ende-by 2000 km ôfstân. It grûngebiet fan Nij-Seelân bestiet yn haadsaak út twa eilannen yn de Grutte Oseaan dy't Noardereilân en Sudereilân hjitte en dy't fan inoar skieden wurde troch de Strjitte fan Cook. Karakterisearjend foar beide eilannen is de berchrêge dy't der oer hinne rint.

Op it Noardereilân lizze aktive fulkanen en in protte geisers en waarme boarnen. It Sudereilân wurdt behearske troch de by de westkust lâns útstrekke, goed 300 km lange en foar in part bedekt mei gletsjers Nij-Seelânske Alpen (Mount Cook, 3764 meter), dy't oant de de westkant styl ôfrint en yn it easten oergiet yn in wide flakte. Yn it súdwesten leit in fjordengebiet. De oarspronklike fegetaasje is foar it grutste part yn de 19e ieu ferdwûn troch de oanlis fan greiden.

It lân beskikt oer in unike dierewrâld mei fral ynhiemske fûgelsoarten (kea, kakapo, kiwi). By it grûngebiet fan Nij-Seelân hearre ek it min tagonklike mei bosken bedekte Stewardeilân, grutte stikken fan Antarktika en in hânfol gebieten yn de Stille Súdsee.

Skiednis

Ofbylding fan de gearkomste dêr't it Ferdrach fan Waitangy tekene waard.

Likernôch 26 500 jier lyn fûn ien fan de grutste fulkaanútbarstings út de skiednis plak op it Noardereilân. Troch dizze 'Oruanui-útbarsting' (mei grutte gefolgen oer de hiele wrâld) ûntstie it Taupomar. Troch in erupsje yn 181 dy't oant Sina en yn it Romeinske ryk de loft kleure is it mar ta syn hjoeddeistich grutte útwaaksen.

Tusken 500 en 1300 fêstigen de earste bewenners har op de eilannen. It wienen Polyneezjers, dy't Maorys hjitte. Der binne lykwols ek fynsten dien dy't wize op eardere bewenning, mar hjiroer bestiet gjin wissichheid.

De earste Jeropeanen dy't Nij-Seelân oandogge wie de Nederlanner Abel Tasman mei syn bemanning dy't yn desimber 1642 yn it noarden fan it Sudereilân kontakt leit mei pleatslike Maorys. De moeting ferrint tige stroef en neidat inkele fan syn manlju deade binne, giet er fuort sûnder oan lân west te hawwen. Mear as in ieu letter(oktober 1769) arrivearet de Britske luitenant James Cook, dy't wol oan wâl giet en dêr yn slagget om hannel te driuwen mei de Maorys.

Sûnt 1790 wurde de wetters om Nij-Seelân geregeldwei besocht troch Britske, Frânske en Amerikaanske walfiskfarders en wer wat desennia letter fêstigje de earste Jeropeanen har op Nij-Seelân. As gefolch fan de Jeropeeske ynminging en de ferkeap fan wapens oan Maorys, brekke geregeldwei skermutselingen út tusken de Maorys ûnderinoar en Jeropeanen. Yn it besykjen om in ein te meitsjen oan de ûnienigens oer lân, wurdt op 6 febrewaris 1840 troch fertsjintwurdigers fan de Britske kroan en wat Maory stamhaden it Ferdrach fan Waitangy tekene. Fan dat stuit ôf is Nij-Seelân in selsstannige Britske koloanje en binne der ôfspraken oer de ferdieling fan lân.

Troch skeiningen fan it ferdrach oer en wer, rinne de spannings geregeldwei heech op. Fral yn it tiidrek 1845-1872 hawwe in soad konflikten west dy't mei-inoar bekend stean as de 'New Zealand Wars' of 'The Land Wars'. De 'Dog Tax War' yn 1890 is it lêste grutte wapene konflikt. Ek nei dy tiid hat dêr noch wol ûnienigens west, mar dy koene oplosse wurde foar de rjochter.

Yn de Earste en Twadde Wrâldkriich hawwe in protte Nij-Seelânske militêren yn it Britske leger meifjochte yn Jeropa en Afrika. It gefaar fan in Japanske oanfal op Nij-Seelân wie yn dy tiid ek hieltyd bot oanwêzich en it leger moast yn heechste steat fan paraatheid hâlden wurde. Dizze oanfal is der lykwols net kaam.

Yn de jierren nei de kriich hâlde Nij-Seelân in sterke bân mei it Feriene Keninkryk en bleau dêr ek foar in grut part ôfhinklik fan. Yn 1967 giet it lân oer fan de Pond sterling op de Dollar (en wurdt it imperiaal maatstelsel ferfongen troch it metrike). Fan 1973 ôf giet it Britske memmelân har hieltyd mear rjochtsjen op Jeropa; dat ten koste giet fan de oerseeske Commonwealth-partners.

Fan 1984 ôf bouwe opienfolgjende kabinetten it meast sosjalistyske en agraryske lân om ta in selsstannige yndustryële naasje mei in frijemerkekonomy (mei behâld fan de sterke agraryske sektor).

De sosjalistyske regering-Lange komt yn 1984 yn konflikt mei de Feriene Steaten, as dûkboaten mei kearnwapens oan board net langer wolkom binne yn de territoriale wetters fan Nij-Seelân. De militêre gearwurking mei de FS komt dêrmei ta in ein. Yn 1985 is der in diplomatyk konflikt mei Frankryk, dat yn de haven van Auckland it flaggeskip fan Greenpeace, de Rainbow Warrior ta sinken bringt.

Demografy

Befolking

Wolkom troch Maorys yn Rotorua.

Fan de Nij-Seelânske befolking wenje goed trije miljoen op it Noardereilân en ien miljoen op it Sudereilân. De tichtbefolke regio is Greater Auckland mei om-ende-by in miljoen ynwenners.

Om-ende-by 70% fan de befolking is fan Jeropeeske komôf; fral út de lannen Grut Brittanje en Ierlân, mar ek in protte út Súd-Afrika, Nederlân en Dútslân. Maorys meitsje 14,7% fan de befolking út. It oare part fan 15% komt yn haadsaak út Aziatyske lannen en Oseaanje. It tal Aziatyske ymmigranten groeit noch hieltyd.

Religy

It kristendom is de grutste religy, hoewol't it oantal kristenen de lêste jierren hiel bot tebek rint. In protte leauwenden hawwe de tsjerke ferlitten. De Anglikaanske Tsjerke en de Roomsk-Katolike Tsjerke foarmje de grutste tsjerken yn Nij-Seelân.

Internet-web-browser.svg 34°-47° S, 166°-178° E

Questions for article:

This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.


IHS Europe: Infrared Heating Systems for Home and Business.